Harksit Werorïintaasje kulturele ynfrastruktuer Fryslân | Provincie Fryslân

datum: donderdag 7 december 2017

Dit evenement is al voorbij. ×
Harksit Werorïintaasje kulturele ynfrastruktuer Fryslân | Provincie Fryslân

(Nederlandstalige versie op onze facebookpagina)

Oanlieding
Op 20 desimber moatte PS in beslút nimme oer de kulturele ynfrastruktuer yn Fryslân. Hja wolle de miening fan de belutsenen dêr graach by belûke. Dêrom wurdt op 7 desimber om 19.00 oere in iepenbiere harksit organisearre.
In harksit is in byienkomst fan Provinsjale Steaten dêr’t jo ynsprekke kinne oer in bepaald ûnderwerp. Jo kinne jo miening jaan en de steateleden kinne dêr noch ferdúdlikjende fragen oer stelle. It is net de bedoeling dat der diskusje tusken ynsprekkers en steateleden ûntstiet.

Underwerp
Yn septimber 2016 stelden PS it beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2020’ fêst. Yn dat beliedsbrief en it byhearrende útfieringsprogramma foar 2017-2018 is in werhifking fan de provinsjale kulturele ynfrastruktuer oankundige. Mei in moasje hawwe PS oan it kolleezje fan Deputearre Steaten frege om de ramten foar dy weroriïntaasje uterlik ein 2017 foar te lizzen. Dy ramten lizze no foar, yn de foarm fan it steateútstel ‘Weroriïntaasje kulturele ynfrastruktuer Fryslân’.

Proseduere
Der is net allinne in harksit, mar ek in Steatemerk oer de weroriïntaasje. Dy Steatemerk is op woansdei 6 desimber tusken 17.00 en 18.00 oere yn it Provinsjehûs. Op dizze iepenbiere Steatemerk is gelegenheid om streekrjocht mei steateleden te praten oer de plannen fan it kolleezje. Mear ynformaasje oarsearne yn dizze advertinsje.
Fierder komt der in oardielfoarmjende kommisjegearkomste op 13 desimber. By dizze iepenbiere gearkomste is der gjin gelegenheid mear om yn te sprekken. Dêrfoar binne de harksit en de Steatemerk bedoeld.
Beslútfoarming folget yn de iepenbiere Steategearkomste op 20 desimber.

Oanmelden foar de harksit
Wolle jo ynsprekke? Dan graach fóar moandei 4 desimber oanmelde by de steategriffy yn Ljouwert (statengriffie@fryslan.frl of telefoan 058 – 2925996), mei fermelden fan namme, telefoannûmer, e-mailadres en eventueel de organisaasje of ynstelling dy’t fertsjintwurdige wurdt. Jo wurde op folchoarder fan ynkommen yndield. Jo krije op syn meast 5 minuten sprektiid.

bron: https://www.facebook.com/events/552771308410577/




2017 - StraatInfo.nl
Misdaad in Dronrijp | 112 alarmeringen Dronrijp | Goedkoop Tanken in Dronrijp | Supermarkten in Dronrijp | Weerbericht Dronrijp