Wat-jo-wolle dichtjûn | Tryater

datum: donderdag 7 december 2017

Wat-jo-wolle dichtjûn | Tryater

Trije dichters (Arjan Hut, Grytsje Schaaf en Anne Feddema) hawwe neitocht oer hoe’t se it publyk belûke kinne by harren optreden. In jûn wêrby in soad romte is foar eksperimint en ûndersyk.

Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: De ideale teaterjûn! De akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. Harren grutste prestaasje is jimme ferdivedaasje. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?

Nei oanlieding fan dizze nije Tryaterfoarstelling ‘Wat jo wolle’ hawwe trije dichters (Arjan Hut, Grytsje Schaaf en Anne Feddema) neitocht oer hoe’t se it publyk belûke kinne by harren optreden. Dat wolle se graach útprebearje op de ‘Wat-jo-wolle-dichtjûn’! In jûn wêrby in soad romte is foar eksperimint en ûndersyk. It is oan de dichters wat se wolle. Nije foardrachtsfoarmen útteste bygelyks? Of miskien wurdst oan it wurk setten om in nijsgjirriche einrigel fan in fers te betinken.

Wolst der by wêze? Jou dy dan op! Der is romte foar maks. 30 persoanen.

Wannear: tongersdei, 7 desimber, 20.00 oere
Wêr: Tryater, de souder; Oostersingel 70, Ljouwert
Yntree: €5,-

De jûn is in gearwurking tusken Tryater en de Moanne

bron: https://www.facebook.com/events/130697070965588/




2017 - StraatInfo.nl
Misdaad in Dronrijp | 112 alarmeringen Dronrijp | Goedkoop Tanken in Dronrijp | Supermarkten in Dronrijp | Weerbericht Dronrijp